Ferwen jo sintugen yn ‘e tunen fan De Kruidhof
In kuier troch De Kruidhof bringt jo bylâns 17 thematunen, elk mei syn eigen plantekolleksjes en bysûnderheden. Yn totaal waakse der rom 2.000 plantesoarten op 3,5 ha grûn. Der binne yn de tunen rekreative, ynformative en edukative saken. In lytse greep út ‘e fariaasje fan tunen yn ‘De Kruidhof’: de genêskrûdentún mei sa’n 40 genêskrûden yndield nei gebrûk en tapassing. de Fruithôf mei sa’n 100 âlde en nije fruitrassen en de Mid-ieuske Kleastertún, basearre op de dekreten fan Karel de Grutte.