Hieronder de tekst over De Kruidhof en het IJstijdenmuseum in Wikipedy, met excuses voor de niet Fries lezende bezoekers:
yn it Frysk:
Botanyske Tún De Kruidhof
Botanyske Tún De Kruidhof is in krûdetún yn Bûtenpost. Meiïnoar waakse der rom 2.000 plantesoarten op 3,5 hektare grûn. De tún is opdield yn 17 tematunen, wêrûnder de ‘Genêskrûdentún’ sa’n 40 genêskrûden yndield nei gebrûk en tapassing. De yndieling bart troch professor van Os dy’t ferneamd wurdt yn binnen- en bûtenlân.
· Fruithôf – sa’n 100 âlde en nije fruitrassen
· Midsieuske Kleastertún – basearre op dekreten fan Karel de Grutte.
· Kokenkrûden
· Flintertún
· Alde kultuergewaaksen
Skiednis
Yn 1930 wurdt begûn mei in proeftún foar grienten en fruit. Letter rjochtet de proeftún har mear op it kweken fan krûden. Yn de jierren santich nimt de gemeente Achtkarspelen De Kruidhof oer. De tún wurdt dan mear rjochte op de toeristyske funksje. It tal tematunen wurdt dan ek útwreide. Sûnt 2000 is Botanyske Tún Fryslân De Kruidhof registrearre as erkend museum.
Ferskaat
· Op it terrein sit ek it iistidenmuseum.
· Yn de ferkeaptún steane in grut tal fêste planten ferkocht dy’t ek op it terrein te finen binne.
· Yn it winkeltsje en it restaurant wurkje ferstanlik beheinden fan kliïnten fan Talant.
It Iistidemuseum
In tal argeologen mei samlingen swerfstiennen en prehistoaryske foarwerpen joegen nei de ieuwikseling de oanset foar it museum. Ein 2005 kaam der in gebou oan de Skoalstrjitte. Der is in edukative ôfdieling en der wurde lêzings hâlden. Op 4 april 2008 waard it Argeologysk Stipepunt yn it museum iepene.
Yn it museum is te sjen hoe’t yn de iistiden swerfstiennen nei Noard-Nederlân komd binne. Ien fan de grutste stiennen is dy fan 80 ton út Drinte.
De skiednis jout in byld fan de prehistoarje (14.000 jier lyn) oant no. Yn de swerfstiennen sitte by tiden fraaie kristallen en fossilen. Ek de pingoruïnes krije omtinken.
Cookie | Duur | Beschrijving |
---|---|---|
cookielawinfo-checkbox-analytics | 11 months | This cookie is set by GDPR Cookie Consent plugin. The cookie is used to store the user consent for the cookies in the category "Analytics". |
cookielawinfo-checkbox-functional | 11 months | The cookie is set by GDPR cookie consent to record the user consent for the cookies in the category "Functional". |
cookielawinfo-checkbox-necessary | 11 months | This cookie is set by GDPR Cookie Consent plugin. The cookies is used to store the user consent for the cookies in the category "Necessary". |
cookielawinfo-checkbox-others | 11 months | This cookie is set by GDPR Cookie Consent plugin. The cookie is used to store the user consent for the cookies in the category "Other. |
cookielawinfo-checkbox-performance | 11 months | This cookie is set by GDPR Cookie Consent plugin. The cookie is used to store the user consent for the cookies in the category "Performance". |
viewed_cookie_policy | 11 months | The cookie is set by the GDPR Cookie Consent plugin and is used to store whether or not user has consented to the use of cookies. It does not store any personal data. |